Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

RIENOLDPOSTMA_WR2

De wrâld fan Rienold Postma

21 April 2002

Portret fan byldzjend keunstner Rienold Postma. Hy hat in nij atelier oan hûs yn Weidum, earder skildere er op de sliepkeamer boppe mar dat waard te lyts. Hy fertelt oer syn wurk en ynspiraasjeboarne. Leafde foar dowen brocht him oan it tekenjen. Earder skreau er ek ferhalen mar dat docht er net mear. Ek eksposearjen docht er net, hy jout syn wurk yn boeken út.

MINSKEWURK_3_GLES

Minskewurk 3: Glês

28 Novimber 2000

We sjogge by fjouwer minsken dy't fan glês har berop makke ha. Yn in fabryk yn Tiel meitsje se grutte glêsplaten fan sân dat yn in oven fan 1600 graden ferwaarme wurdt. Yn Easterwâlde komme dy glêsplaten binnen en wurde se snien. By Steinfort yn Frjentsjer ferwurkje se glês foar isolaasje fan huzen. Ek sjogge we by twa glêzewaskers dy't yn in heechwurker of op in ljedder op in hichte fan 12 meter wurkje. En we hearre fan in glêsblazer hoe't er syn keunstwurken makket.

LTV Wat in wurk: De boufakker

LTV Wat in wurk: De boufakker

13 April 1989

Portret fan it wurk yn de bou. We sjogge by Ynte Kuindersma dy't by in lytse oannimmer op De Jouwer wurket en ferskate putsjes deis docht as allround timmerman, lykas in ferrot kajút of lekkaazje. Ek sjogge we by de bou fan in hege flat yn Ljouwert. Dêr wurkje tal fan minsken oan mei grutte kranen. Yn de bou barre in soad ûngelokken. De Arbeidsynspeksje sjocht ta op de feilichheid. Ek sjogge we by learling-boufakkers.