Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180717_SADWAANDE_ARGEOLOGY_29_09_2000.mp4

Sadwaande: Archeology

29 Septimber 2000

Dizze Sadwaande giet oer archeology. Provinsjaal archeolooch Gilles de Langen fertelt oer fynsten yn eardere terpen, lykas de ferneamde fibula fan Winaam. We sjogge by ôfgravingen, ûnder oare by de Aldehou dêr't in parkearkelder komme moat. We sjogge by it wurk fan archeologysk advysburo Raap dat grûnmeunsters nimt. En we sjogge by detektor-amateurs, se fine benammen in soad munten. Prinses op learzens giet op ûndersyk út yn de dunen.

Geert! S01E01: Sumar

Geert! S01E01: Sumar

18 Maart 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Sumar. Hy praat mei mûnder Kees Spithorst, Dick Strijker dy't as hobby termometers sammelet en Minke Nicolaï dy't oan kantklossen docht. Geert praat ek mei minsken fan de klaaidosjitferiening en mei Dries de Vries dy't nei in harsenynfarkt wer fan alles by de ein hat, fan websitebouwen oant grimearjen. Der is live-muzyk fan de band Full Flavour.

Nij yn Fryslân 2

Nij yn Fryslân 2

28 Desimber 1994

Programma dêr't we de famylje Peters yn folgje: heit Johan, mem Alies en 9-jierrige soan Kobus. Se ferhúzje nei Fryslân en komme yn de kunde mei de provinsje en de Fryske taal. Liefke Knol presintearret (yn it Nederlânsk) it programma en jout ynformaasje oer de Fryske taal, wurden en útspraak. Yn dizze ôflevering sjogge we dat se in hûs kocht ha yn Hurdegaryp. Se binne oan it ferhúzjen en Kobus giet foar it earst nei skoalle. Oan de oarder komme wurden hearrend by: ferhûzje, ite, de yndieling fan in hûs, nei skoalle gean en knikkerje op it plein.