Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

Hjoed: Fryslân 500 oer Frozenland

05 Juny 1998

Yn Hjoed fan 5 juny 1998 binne twa repo's oer Frozenland te sjen, it popfestival dat ûnder Fryslân 500 falt. Der binne 4.500 kaarten ferkocht en de jongerein komt út it hiele lân wei. Der binne fiif poadia. Ien fan de headliners is Run DMC. Troch de strange kontrôle op drank, drugs en wapenbesit duorret it lang foardat de besikers troch de poarten nei binnen meie. In soad misse de iepeningsact fan it Frysk Jeugd Orkest mei Reboelje. Ek De Heideroosjes, punk út Limburch, trede op. De twadde reportaazje giet oer ferkearsdrokte en tariedings.

LTV_30_MINUTEN_SUNENSSOARCH

30 Minuten sûnenssoarch: petear tusken Bruno van Albada en Tseard Tijmstra

05 Febrewaris 1995

Yn dizze útstjoering prate âld-hûsdokter en âld-sikehûsdirekteur Bruno van Albada en medysk sosjolooch en dosint Tseard Tijmstra mei inoar oer de sûnenssoarch. Se beprate wat der allegear feroare is yn de soarch en de foar- en neidielen fan foarútgong, nije ynsjoggen en kwaliteit fan libben.

LTV_FRYSLAN_2020

Hoe sjocht Fryslân der yn 2020 út?

24 April 1994

Yn dit programma sjogge we - mei it each op de ferkiezingen - foarút nei Fryslân 2020. Skriuwer en sjoernalist Geert Mak hat noed oer de takomst fan de provinsje. Mei tal fan pommeranten prate se ûnder oare oer lânbou, ekonomy, wurkgelegenheid, kultuer, natuer en identiteit.