Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

VX-197225

In Minskelibben: Mieke Andela-Bauer

19 Septimber 1999

Geart de Vries praat mei Mieke Andela-Bauer. Dizze boeredochter út Limboarch kaam nei de Twadde Wrâldoarloch nei Fryslân en moete har man yn Tritsum. Se wie learares en maatskiplik aktyf. Fan 1976 oant 1986 siet se foar de CDA yn de Twadde Keamer. Noch altyd is se aktyf, no foar âlderein. Se fertelt oer har libben en driuwfearren.

Tûkelteammen 0105

Tûkelteammen 0105

29 Oktober 2002

Yn dit programma wurde twa teams fan twa minsken ferge op harren kennis fan it Frysk. It giet dan on de skriuwwize. mar ek binne der fragen oer de komôf fan guon Fryske wurden, de etymologyfragen. De kandidaten binne yn team 1: muzikant Sytse Broersma en Yteke Laffra; yn team 2: aktrise Marijke Geertsma en Siebren Miedema.

RIENOLDPOSTMA_WR2

De wrâld fan Rienold Postma

21 April 2002

Portret fan byldzjend keunstner Rienold Postma. Hy hat in nij atelier oan hûs yn Weidum, earder skildere er op de sliepkeamer boppe mar dat waard te lyts. Hy fertelt oer syn wurk en ynspiraasjeboarne. Leafde foar dowen brocht him oan it tekenjen. Earder skreau er ek ferhalen mar dat docht er net mear. Ek eksposearjen docht er net, hy jout syn wurk yn boeken út.