Wyn op woansdei: Moslims
Programmamakker Albert Jensma freget him ôf hoe't it mei de moslims yn Fryslân giet nei de oanslaggen, in jier earder, fan 11 septimber op de Twin Towers yn Amearika en de opkomst fan de LPF by de lêste ferkiezingen. It begryp foar allochtoanen is dêrnei omslein yn wantrouwen. Hy wol witte oft moslims har mear diskriminearre fiele en banger wurden binne. Hy praat mei sakefrou Sultan Kus. Se kaam as famke fan fiif út Turkije nei Nederlân. Se wennet mei har húshâlding yn Snits en hat ferskate bedriuwen wêrûnder in restaurant. En hy praat mei mbo-studinte Masite Ersoy fan It Hearrenfean. Se draacht in holdoekje.