Sa seach ik Fryslân 6: Henk Penninga en Ernie Damen
Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel seis Henk Penninga en Ernie Damen, se wurken tusken 1975 en 1983 gear en makken filmyske dokumintêres. We sjogge de earste film fan Damen út 1972 oer pastoar Simon P. Glotzbach, mar dy is noait fertoand om't er ferbean waard. Se makken ek in dokumintêre oer de oanrin nei de yndustryhaven yn Harns (1979) en 'Salomo's eerste rechtspraak' (út 1978) oer it keunstwurk fan Jan Elzinga yn Frjentsjer. As lêste is in fragmint te sjen fan de film 'Lauwersmeer' (1983) oer de natuer, se neame it in poëtyske dokumintêre.