Sa seach ik Fryslân 2: Jan Bearn Singelsma

23 Maaie 1993

Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel twa praat er mei Jan Bearn Singelsma, bekend as lieder fan de FNP, mar yn de jierren 1940 en 1950 wie er fanatyk amateurfilmer. Hy waard oanstutsen troch it firus doe't er as jonge de filmer Gerrit Aalfs oan it filmjen seach by it wurk oan de slûs by Koarnwert yn 1932. Yn 1946 makke Singelsma syn earste film 'O Skylge myn lantsje', oer it jongereinwurk fan it Bûn fan Fryske Nasjonale Jongerein, bedoeld as propaganda foar it Frysk. Yn 1947 makke er in film oer de Lânbou-winterskoalle. In oare film giet oer it saneamde Sinneblomwurk, famkes by Douwe Egberts learden oer wurk yn de húshâlding. Yn 1954 rjochte er mei oaren yn Ljouwert filmklup Kleare Kimen op dy't in film makke oer de Alvestêdetocht. Singelsma makke fan it filmjen net syn berop, mar waard learaar en kaam letter yn de polityk.