Sa seach ik Fryslân 4: Sjoerd Andringa
Rige programma's dêr't Geart de Vries mei Fryske filmmakkers praat en hoe't sy Fryslân sjogge. Yn diel fjouwer Sjoerd Andringa. Hy wie parsefotograaf by it Friesch Dagblad, mar filme dêr ek by. Hy naam altyd in trepke mei om sa boppe de mannichte goed byld te meitsjen. Hy makke net inkeld famyljefilms mar filme ek eveneminten, lykas de autocross yn Hallum en in tintetentoanstelling yn de Prinsetún yn 1959. We sjogge in kompilaasje út 1973 mei prinses Beatrix op de PC, keninginne Juliana by de iepening fan Boerum en de iepening fan it Abe Brouwerpaad en brân yn de Ljouwerter ambachtsskoalle. De iepening fan de Frieslandhallen yn 1963, troch keninginne Juliana, mei de tentoanstelling Frisiana luts tûzenen besikers, se seagen de nijste techniken, in moadeshow en opnamen fan it telefyzjeprogramma Top of flop. Hy gie ek wol nei it bûtenlân, sa wie er mei it korps Soli Dei Gloria nei Switserlân. In kompilaasje út 1981 lit bylden sjen fan de âldjiersfyt fan Vesuvius, keninklike besite fan Beatrix yn Ljouwert en in stuntshow fan motoaren op de Grienewei yn Ljouwert.