Portret fan musikus en koardirigint Hoite Pruiksma fan Warns. We sjogge by him thús, by koarrepetysjes, by syn âlden dy't beide ek hiel muzikaal binne, by syn boat dy't er oan it restaurearjen is, by de slachter út syn jeugd en achter it oargel yn tsjerke.
We sjogge by it wurk fan de thússoarch, dat hieltyd mear ûnder druk komt te stean. Alderen wenje langer thús, der binne mear groanysk siken en de opname yn sikehûzen is hieltyd koarter. Troch de komst fan partikuliere oanbieders is der konkurrinsje ûntstien. We sjogge by de help dy't Sebastian Zeinstra krijt, hy hat in spiersykte, by de famylje Van der Veer dy't húshâldlike help krijt en by de help dy't Eric Schoondorp krijt nei syn sikehûsopname. En we sjogge yn fersoargingshûs Berchhiem. De thússoarch hat ek tal fan helpmiddels dy't se útliene.
Bargeboeren moatte in fjirde part fan har bedriuw ynleverje, dat wol de minister. Bargehâlders binne it dêr net mei iens. We sjogge by boer en topfokker Harm Kloosterman en bioboer Jan Peenstra en we folgje Arie Geijsel, boer en foarsitter fan FLTO by it oerlis mei de belanghawwenden yn de sektor.
We sjogge by ferskate foarmen fan fiskjen: binnenfiskers op iel mei fûken, lykas Halbe Elsinga op de Alde Feanen of stroom, lykas Klaas Poelman en Leo Kloosterman by Snits. We sjogge by twa ielkwekerijen, ien op IPC Dier yn Oentsjerk en in profesjonele yn Tsjom en by de mokselfiskers op de Waadsee dy't allegear har eigen gebiet hawwe.
Pleatsen wienen jierrenlang byldbepalend yn it Fryske lânskip, funksjonele gebouwen mei romte foar fee en opslach. Lege pleatsen krije oare funksjes. By trije famyljes sjogge we dat it ek oars kin. Yn Harich wurdt in nije stâl boud, nei ûntwerp fan arsjitekt Jelle de Jong, fundearre op de filosofy fan de oarspronklike pleats. Yn Mantgum is de pleats restaurearre mei in sintraal plak foar hynders. Yn Lytse Geast hat arsjitekt Gunnar Daan in nij stik oan in wâldpleatske betocht.
De Wâlden is fan âlds in streek mei in soad earmoede en in hege wurkleazens. Noch altyd ha minsken yn de gemeente Achtkarspelen gemiddeld minder te besteegjen as op oare plakken. Boadzer en Tjits Bruining fertelle har ferhaal, se ha it net breed. Boadzer wie earder strjitmakker, krige letter wurk as konsjerzje op in skoalle mar ferlear syn baan troch besunigings. Hy is foar in part arbeidsûngeskikt ferklearre en no driget wer in koarting. In beswier is oantekene. Ek minsken fan ynstânsjes en de wethâlder komme oan bod.
Ferskillende mûnders fertelle oer de mûne dêr't se wurkje, guon mealle moal, oaren seagje hout. Se ha in grutte passy foar de technyk en de natuer en it ambacht. We sjogge by De Zwaluw yn Burdaard, De Rat yn Drylts, De Hoop yn Stiens, Stienhústermole yn Stiens en Klavermole yn Boalsert.
We sjogge by ferskate minsken dy't har dwaande hâlde mei de tradysje fan it aaisykjen en de neisoarch, it beskermjen fan de nêsten fan de greidefûgels. Leden fan de aaisikersklup d'âld Hij út Dearsum gean op 'en paad, mei pols en pet. We sjogge wat in boer en natuerleafhawwer op Skiermûntseach docht oan neisoarch en we hearre by de universiteit yn Grins nei ûndersyk op it mêd fan greidefûgelbeskerming.
Fjouwerdielich dokudrama, ij dramatisearre dokumintêre, fan filmmakker Ernie Damen mei doarpsminsken yn de haadrol. Geane je fuort of bliuwe je yn it doarp, dat is de fraach. De kommunikaasjetoer fan Spannenburch spilet in belangrike rol.
Fjouwerdielich dokudrama, in dramatisearre dokumintêre, fan filmmakker Ernie Damen mei doarpsminsken yn de haadrol. Geane je fuort of bliuwe je yn it doarp, dat is de fraach. De kommunikaasjetoer fan Spannenburch spilet in belangrike rol.
Fjouwerdielich dokudrama, in dramatisearre dokumintêre, fan filmmakker Ernie Damen mei doarpsminsken yn de haadrol. Geane je fuort of bliuwe je yn it doarp, dat is de fraach. De kommunikaasjetoer fan Spannenburch spilet in belangrike rol.
Fjouwerdielich dokudrama, ij dramatisearre dokumintêre, fan filmmakker Ernie Damen mei doarpsminsken yn de haadrol. Geane je fuort of bliuwe je yn it doarp, dat is de fraach. De kommunikaasjetoer fan Spannenburch spilet in belangrike rol.