Oars mar wol thús

02 Novimber 1997

Yn dit programma sjogge we by fjouwer minsken dy't op jonge leeftiid, of letter, út in oar lân nei Fryslân kamen. Hoe sjogge se werom op dy oergong, we sjogge by har op it wurk of de oplieding. Se fertelle oer it yntegrearjen yn de Nederlânske maatskippij en it fêsthâlden oan eigen gewoanten en tradysjes en hoe't dat spilet by it grutbringen fan de bern. We sjogge by Fahri Mintes, oarspronklik út Turkije, Mina Hamstra, oarspronklik út Suriname, Naima Zoundri, oarspronklik út Marokko en by Prakash Jaikaran, oarspronklik út Suriname.