Dizze Sadwaande giet oer lokale radio en tv. We sjogge by de lokale stjoerder yn de gemeente Tytsjerksteradiel, en by de iennige kommersjele stjoerder GPTV yn Harns. En we folgje in meiwurker fan de Radio Controledienst yn syn jacht op yllegale piraterij. Prinses op learzens kaapt de Omropstudio.
Dizze Sadwaande giet oer timemanagement. Elk hat it drok mei wurk en húshâlding. We prate mei kommissaris Ed Nijpels dy't al in jier foarút plant, sjogge by in kursus timemanagement en by it drokke skema fan in jonge húshâlding. En prate mei Twadde Keamerlid Annet van der Hoek en ûndernimmer Jos Paques oer de drokke aginda. Prinses op learzens krijt ien minút om te boadskipjen.
Dizze Sadwaande giet oer ôffal. We sjogge dat de heffingen foar ôffal ferskille per gemeente en prate dêr mei twa wethâlders oer. We sjogge by it wurk fan de 'snuffelaar' dy't de kliko's kontrolearret op it skieden fan ôffal. Yn Weststellingwerf skiede se neffens diftar. Prinses op learzens bringt it ôffal oer de gemeentegrins, dat is goedkeaper.
Dizze Sadwaande giet oer brij. We sjogge op in suvelbuorkerij op De Tynje dêr't ferskate soarten brij makke wurde en ek ferkocht yn glêzen flessen. Mei bernedokter De Vries fan MCL ha we it oer wat bern fan har âlden meikrije. By Scherjon yn Noardburgum sjogge we hoe't klompen makke wurde, Eelke hat it fan syn heit leard en dy wer fan syn heit. En we sjogge ferskate sulveren leppels út de kolleksje fan it Fries Museum.
Dizze Sadwaande giet oer it wurk fan de bistedokter by hynders, we sjogge yn de gemeente Weststellingwerf dêr't tal fan nije projekten boud wurde mar de boargers ha oare winsken. Hoe sjocht âld-wethâlder Luuk Veen der nei? En in learlinge sjocht wat it wurk fan in ferslachjouwer fan Omrop Fryslân ynhâldt en rint in dei mei. Yn de rubryk fraach en oanbod wurde befeiligers socht. De bêste kollega is dizze kear dekonsjerzje fan it Marne College yn Boalsert.
Dizze Sadwaande giet oer ekologysk grien. We sjogge op de ekopleats Hamstermieden yn Droegeham dêr't it gebou duorsum is, stroom opwekt en wetter suvere wurdt. Se ha ek kursisten en dy sliepe yn keammerkes boud yn de stâl. We sjogge ek yn Ferwert dêr't ien in tún fan trije bunder hat mei tal fan fruitbeammen en in túnûntwerper leit út hoe't je tún ekologysk meitsje kinne en lit syn eigen tún sjen. Prinses op learzens wit eins net wat mei ekologysk grien bedoeld wurdt.
Dizze Sadwaande giet oer it fersierde lichem. We sjogge wat bodypaint ynhâldt, sjogge by in sierademakker en litte in hennafersiering sette. Trije kursisten toane har model bodypaint by de kursus. In snor of burd is in sieraad by de man. By de barbier sjogge we ferskate modellen. By de sieradesaak leare we wat de trends binne. Prinses op learzens fettet it begryp fersiere hiel oars op.
Dizze Sadwaande giet oer de finale fan de Fryske ûndernimming fan it jier. De trije nominearre bedriuwen, sportynstitút De Vries yn Ljouwert, blêdmuzyk- en opnamebedriuw De Haske op It Hearrenfean en boatebouwer Kuipers fan Wâldsein, steane yn de finale. Se presintearje har foar publyk en sjuery. Dy kiest De Haske as winner.
Dizze Sadwaande giet oer famyljebedriuwen. We sjogge by trije famyljebedriuwen: supermerk Vlasma yn Kollumerpomp dy't lêsten de doarren slute moast, meubel- en bêdesaak Meulen en Baarsma yn Oentsjerk en Dokkum en slachterij De Jong op De Jouwer. De eigeners fan de supermerk koenen it bedriuw net oerdwaan oan de bern fanwege konkurrinsje. De beide soannen Van der Meulen sitte yn de saak en ek de bern fan De Jong wurkje yn de slachterij. Floris lit sjen dat der ek skaadkanten binne oan in famyljebedriuw.
Dizze alderlêste Sadwaande giet oer waadrinnen. De hiele ploech fan Sadwaande rint fan Holwert nei It Amelân. Ingrid praat ûnderweis mei de gidsen en we leare oer de skiednis fan Wadloopcentrum Friesland. Ek sjogge we by gidsen yn oplieding dy't by de tocht oer de floara en fauna fertelle. Floris rint fansels ek mei.
Dizze Sadwaande giet oer grafology, de wittenskip fan de hânskriften. We prate mei grafolooch Ulbe Jagersma dy't minsken oan de hân fan har hânskrift analysearje en karakterisearje kin. Hy sjocht dêrby nei de beweging, foarm en it romtebyld. Syn kennis wurdt frege troch bedriuwen by de seleksje fan kandidaten. Hy besjocht de hânskriften fan boargemaster Roel Cazemier, demisjonêr wethâlder Marga Waanders en Omropferslachjouwer Simone Scheffer. Ek sjogge we op skoalle by de skriuwles en by in tentoanstelling oer kalligrafy yn Drachten mei byldzjende keunstner Lolkje van der Kooi.
Dizze Sadwaande giet oer privacy. We prate mei advokaat Tjalling van der Goot en offisier fan justysje Oebele Brouwer oer de grinzen fan privacy. Minsken kinne hieltyd mear folge wurde yn har dwaan en litten mei kamera's en mobyltsjes. Yn it Cambuurstadion hingje ek kamera's. We sjogge ek by it Forensisch Instituut yn Rijswijk dêr't se DNA bewarje. Floris is steld op har privacy en docht sels ûnwerkenber boadskippen.