Sadwaande: Grafology

20 Maart 2002

Dizze Sadwaande giet oer grafology, de wittenskip fan de hânskriften. We prate mei grafolooch Ulbe Jagersma dy't minsken oan de hân fan har hânskrift analysearje en karakterisearje kin. Hy sjocht dêrby nei de beweging, foarm en it romtebyld. Syn kennis wurdt frege troch bedriuwen by de seleksje fan kandidaten. Hy besjocht de hânskriften fan boargemaster Roel Cazemier, demisjonêr wethâlder Marga Waanders en Omropferslachjouwer Simone Scheffer. Ek sjogge we op skoalle by de skriuwles en by in tentoanstelling oer kalligrafy yn Drachten mei byldzjende keunstner Lolkje van der Kooi. Floris hat ek doel oer hânskriften en sjocht sa it karakter fan har freonen.