Frysk Festival 2: de makkers fan it ABE spektakel
It Frysk Festival hie as tema 'Salut au Monde' nei in gedicht fan Walt Whitman. It festival waard ien kear yn de fiif jier organisearre. Trije wiken lang brocht Fryslân in kulturele groet oan de wrâld fol mei tal fan ferskate projekten. Ien fan de grutte projekten wie in fuotbalteäterspektakel oer fuotballeginde Abe Lenstra yn it stadion op It Hearrenfean. Yn it stik wurdt it libbensferhaal fan Abe ferbylde mei dêrtusken troch de ferneamde wedstriid fan Hearrenfean tsjin Ajax dy't de Friezen nei achterstân dochs wûnen. We sjogge by de tariedingen en prate mei skriuwer Bouke Oldenhof, regisseur Jos Thie en haadrolspiler Hilbert Dijkstra. Ek sjogge we by de fasilitêre ploech en by de fuotbaltrening. Ek binne argyfbylden fan Abe Lenstra te sjen.