Op it Aljemint: Fryslân 500
Yn 1998 fierde de provinsje 'Fryslân 500'. Mei betinkingen en eveneminten waard stilstien by it feit dat Fryslân 500 jier lyn troch Albrecht van Saksen yn 1498 ûnder sintraal gesach kaam. Dêrmei kaam in ein oan de ferneamde Fryske frijheid. It feest hat fan begjin ôf oan foar- en tsjinstanners hân. Yn it politike praatprogramma Op it Aljemint praat Onno Falkena op 23 april 1997, dus in jier foardat Fryslân 500 is, mei Pieter de Groot, sjoernalist by de Leeuwarder Courant en kritikaster en Thom van der Goot, direkteur fan De Lawei en as bestjoerder belutsen by Fryslân 500. De krityk is dat mei noch in jier te gean noch mar sa'n bytsje bekend is oer it programma. De organisaasje wol neist in histoarysk kongres ûnder oare in popfestival yn de bûtenloft hâlde foar de jongerein. De Steaten ha trije miljoen gûne foar it hiele feest útlutsen. Neffens De Groot soe it de grutte Friezereüny fan Simmer 2000 yn it paad stean.