Sadwaande: ferkearssaakkundige, feroaringen yn fuortset ûnderwiis, frijwilliger (diel 3)

04 Maart 1998

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by it ferkear op it Suderplein yn Ljouwert dêr't bussen, automobilisten en fytsers yn goede banen laat wurde moatte. De frijwilligers fan Tafeltje-dekje bringe waarme mielen by âlderein del en we sjogge by de feroaringen yn it fuortset ûnderwiis, it Studiehuis wurdt ynfierd om de learlingen selsstanniger wurkje te litten.