Sadwaande: reklassearring, belizzingshypoteek en advokaat Anker
Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, de kwestje en de staazjerinner, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear sjogge we by it wurk fan de reklassearring, de plysje fertelt oer it karmerk Veilig Wonen en slottemakkers lizze út wat der mooglik is oan befeiliging. Harmen Jan Dijkstra wol rjochten studearje en rint in dei mei advokaat Hans Anker mei. En we leare wat in belizzingshypoteek ynhâldt.