Sadwaande: Sunigens

12 April 2000

Dizze Sadwaande giet oer sunigens. We prate mei minsken op strjitte dy't krekt har boadskippen dien ha by de Aldi, lekker goedkeap. En we prate mei minsken dy't sunich libje, de ien om't se nei de skieding minder jild hat, de oare om't it in gewoante is. Se besparje op wetter en enerzjy. Ek prate we mei minsken op de bank, hoe sit it mei sparjen? Prinses op learzens besparret troch te dûsen yn de waskstrjitte.