Sadwaande: Undernimming fan it jier: 3 nominearren

18 Novimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer de trije nominearre bedriuwen foar ûndernimming fan it jier. It binne De Haske publications, dêr't se blêdmuzyk drukke, mar der is ek in opnamestudio en in edukative ôfdieling, sportskoalle Instituut De Vries yn Ljouwert en boatebouwer Kuipers yn Wâldsein. Ek komme sjueryleden Rutger Boelsma en Max Kooijmans oan it wurd.