Tritigers 0112: Wenje

04 Febrewaris 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Der binne ek reportaazjes oer The Lost Generation (sa't de tritigers fan no neamd wurde) en it programma bringt portretten fan tritigers en wat it libben harren te bieden hat. Yn it tolfde diel komt Ellen Buith oan it wurd, se is nei Nij-Seelân emigrearre om't it dêr minder drok is en minsken mear tiid foar elkoar hawwe. Ek komt Louise Cohen oan it wurd, se ûntwerpt saken foar it ynterieur.