Tritigers 0202: Jild

09 Septimber 2003

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Johannes Kramer, Jan Wartena, Marijke Rijpma, Bob Sikkema, Meindert Talma, Janske Wielinga, Froukje Hernamdt dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it twadde diel fan de twadde searje in reportaazje oer fuotballer Johan Abma. Nei in karriêre as proffuotballer by Cambuur krige er dit jier gjin nij kontrakt troch jildkrapte. Fierders in reportaazje oer keukens. In produkt dêr't de tritigers oer it generaal in soad jild oan útjouwe. Der binne sels minsken dy't in keuken fan 50.000 euro keapje.