Ympresje fan 'e offisjele iepening fan Simmer 2000, mei meiwurking fan Rients Gratama, Maaike Schuurmans, Piter Wilkens en De Kast yn bywêzen fan Kenigin Beatrix.
Slotkonsert Simmer 2000. Opnommen op 22 july 2000 yn it FEC yn Ljouwert. mei meiwurking fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans, Albert Bonnema, Basic Bigband, De Bazuin en it NNO.
Fan desimber 2000 oant in wike foar de premjêre folge Omrop Fryslân de ûntwikkelingen om it teaterspektakel Ik, Kening Lear hinne. Fan de earste besprekkings en repetysjes ôf yn it Tryatergebou oant de úteinlike earste foarstelling yn it hynstesintrum yn Drachten. Yn dizze making-of, makke troch Fred Geerling, wurdt sjen litten hoe't artistyk lieder Jos Thie syn eigen ôfskiedsfoarstelling foarmjout.
In weromblik út 2001 op de komst fan Molukkers nei Fryslân, doe fyftich jier lyn. Flak by Easterwâlde leine twa fan de fjouwer Fryske kampen der't de Molukkers opfongen waarden. Yn de sechtiger jierren waarden de kampen ôfbrutsen.
Portret fan fjouwer froulju. Alie Veldman wie 38 jier ûnderwizeres, Hinke Dijkstra wie ynpakster op it bûterfabryk, Grietsje Kroese-de Jong wie ferpleechster en Gien Geestman wie juf op in bernedeiferbliuw. Se fertelle oer har wurk, oplieding en ûnderfiningen en sjogge wat der allegear feroare is.
'Tenminste houdbaar tot' is de namme fan in teäterfoarstelling mei Leny Dijkstra en Lianne Zandstra, skreaun troch Leo Dijkstra. We sjogge Leny en Lianne by de repetysje en tariedingen foar it stik en ek fragminten út de foarstelling. En beide fertelle se oer it stik en teäter. Ek Leo Dijkstra komt oan it wurd.
'Tenminste houdbaar tot' is de namme fan in teäterfoarstelling mei Leny Dijkstra en Lianne Zandstra, skreaun troch Leo Dijkstra. We sjogge Leny en Lianne by de repetysje en tariedingen foar it stik en ek fragminten út de foarstelling. En beide fertelle se oer it stik en teäter. Ek Leo Dijkstra en regisseur Janneke Bergsma komme oan it wurd. Leny is de dochter fan Tetman de Vries, dêr is wat argyf fan te sjen.
Theun de Vries (berne yn 1907) fertelt oer syn wurk en ynspiraasje. Hy wennet sûnt syn 30ste yn Amsterdam, mar Fryslân en foaral ek syn berteplak Feanwâlden komme altyd werom yn syn mânske produksje. Nei syn 90ste skreau er noch 3 romans en ek skriuwt er noch gedichten. Hy fertelt oer syn leafde foar skiednis, sagen en mearkes en oer Wilt Tjaarda, syn alter ego. "Skriuwen is myn libbenslok" seit er tsjin ynterviewer Geart de Vries.
Yn dizze dokumintêre út april 2001 wurdt Joop Atsma folge, dy't him doe as twaddekeamerlid foar it CDA ynspande foar oplossingen yn de tongblierkrisis dy't dan spilet.
It twadde diel fan it kultuerprogramma Spegels út 2005 oer iepenloftspullen mei Spul om neat fan Ysbrechtum, Lucky Manuelo fan Wergea, De wraak fan it wrâldwiif fan It Bildt en Hurd om hut fan Jobbegea.
In programma oer de begjinjierren fan it iepenloftspul fan Jorwert mei Gais Meinsma, dy't meidie oan it earste iepenloftspul en dêrnei fyftich jier lang ferantwurdlik wie foar alle mooglike omballingen, en dûmny Verstoep, ien fan de inisjatyfnimmers en de earste regisseur. Ek is te sjen hoe't de produksje fan 2003, Ik wol spylje!, ta stân komt. En Hanneke Roelofsen makke mei alle ynwenners fan Jorwert in monumint dêr't in foardrager op stiet.