Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WR_Stedsherstel

'It stiet as in hûs' oer Stadsherstel

27 Juny 2022

Nei de Twadde Wrâldoarloch wie der in grut ferlet fan wenningen. Nije wiken waarden boud en tagelyk fertutearze de binnenstêd. Frijwilligers fan Stadsherstel knappe âlde pannen op en ferbouwe se. We sjogge foarbylden fan it wurk yn Ljouwert (ferbouwing kultureel sintrum Blauwe Stoep ta wenningen), Harns (Zoutsloot) en Hylpen (haven). Entûsjaste frijwilligers fertelle oer de projekten en wat der allegear by komt te sjen. Der wurdt soms ek kleure-ûndersyk dien om gebouwen yn de oarspronklike steat werom te bringen.

Boppedat: Fryslân 500, oer de skiednis fan Frjentsjer

Boppedat: Fryslân 500, oer de skiednis fan Frjentsjer

04 Juny 1998

Yn Boppedat fan 4 juny 1998 is in reportaazje te sjen oer de skiednis fan wat der barde yn 1498. Hertoch Albrecht van Saksen foel Fryslân binnen, hy socht in gebiet foar syn soan Hendrik om de macht oer te hawwen. Hy wenne yn it iennige kastiel fan Fryslân, Sjaerdemaslot yn Frjentsjer. It slot is yn 1713 ôfbrutsen, de restanten lizze ûnder it fjild fan it Sjûkelân. De bolwurken om it slot hinne binne noch altyd te sjen. Meindert Schroor en Wâtse Hiddema fertelle oer de skiednis.

LTV_WR_Omke-Jan

Omke Jan (film)

26 Juny 2005

Film mei it ferhaal fan de 85-jierige Jan Mosterman fan Hollum (It Amelân) dy't siik is en in ein oan syn libben meitsje wol. Syn famylje komt om ôfskied te nimmen. Yn de film wurdt spile troch Romke de Leeuw, Tamara Schoppert, Geert Lageveen, Hilbert Dijkstra, Henk Zwart, Joop Wittermans, Nynke Laverman, Ria Marks, Aly Bruinsma en Pieter de Vries.