Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FryslanDOK_Fierljeppers-yn-Korea-2_WR

Fierljeppers yn Korea (diel 2)

03 Jannewaris 2009

Twadde diel fan de dokumintêre oer Fryske fierljeppers dy't yn Súd-Korea meidogge oan de Olympyske Spelen foar net-olympyske sporten. De sporters meitsje ek in slach oer de merk yn de stêd Busan. De Súd-Koreanen hawwe grutte belangstelling foar de fierljepdemonstraasje. Organisator Christophe Mennier komt letter ek nei de fierljepskâns yn Drylts. Hy hat allegear ideeën om de sport noch oantrekliker te meitsjen foar it publyk.

Wyn op Woansdei: Ramsi

Wyn op Woansdei: Ramsi

21 Maaie 2003

Programmamakker Annet Huisman folget in dei lang Palestyn Ramsi. Dit kleurryk figuer yn Ljouwert is altyd dwaande mei it fuorjen fan fûgels. Net alle buertbewenners binne like wiis mei him. De bôle hellet er by restaurants wei en ûnderweis rêdt er alle rommel fan strjitte op.

ABD-sjoo 0206

ABD-sjoo 0206

18 Febrewaris 2003

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ôflevering nimt De Bongerd út Achlum it op tsjin De Twirre út Doanjum.