Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LINKK 03: Ut it Nijs

LINKK 03: Ut it Nijs

10 Novimber 2000

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer wat is nijs en hoe bringe je dat nijs by de minsken. We sjogge by de lokale omrop Oskar, learlingen fan de fotonica-oplieding en de makker fan de doarpskrante fan Ketlik.

SADWAANDE_060202_LJOCHT

Sadwaande: Ljocht

06 Febrewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer ljocht. We sjogge watfoar ljocht der yn de fjoertoer fan Skiermûntseach sit, krije útlis oer de wurking fan ljocht. Keunstner Pierre Mansire tovere de Omropstudio om yn wat magysk inkeld troch mei ljocht te wurkjen en wat docht it ljocht yn in disko? Floris docht alle lampen yn in winkel út.

Jûn fan in helpsinteklaas

Jûn fan in helpsinteklaas

05 Desimber 1997

Sinteklaas is en wie altyd al in drok man en dêrom hat er in leger oan helpsinterklazen. Yn in reportaazje foar Boppedat waard helpsinteklaas Haije de Jong in jûn folge.