Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_160102_KATTEN

Sadwaande: Katten

16 Jannewaris 2002

Dizze Sadwaande giet oer katten. We sjogge by trije katteleafhawsters: Francien Westering tekenet katten en skriuwt deroer yn de Margriet, Marja Dam hat 16 raskatten en giet der ek mei nei shows. En Jacqueline Claus, ek wol bekend as it kattewyfke, wenne mei 98 katten yn Minnertsgea, mar moast dêrwei, No hat se har 'poezenparadijs' yn Aldebiltsyl, mei 56 katten. Ek binne der ynstjoerde kattefilmkes te sjen en Floris wol graach Minoes wêze.

MYNDOMYN_210905_HEREMAN

Myn Domyn: Kitesurfer Randy Hereman

21 Septimber 2005

In portret fan Randy Hereman. Hy is 18 jier, komt fan Snits en kitesurft noch mar 2 jier, mar sporte hat er altyd al dien. No al heart er by de nasjonale kitesurftop.Fan 't simmer waard er 25ste op it WK yn de Dominikaanske Republyk. Sûnt in pear moannen is Randy profesjoneel kiter. Mei syn heit en mem wennet er op in boat. We sjogge him yn aksje op it wetter, mar soms is it ek wachtsjen op de wyn. En hy fertelt oer syn plannen, hy wol op wrâldtoer.