Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Piet Dankert

Om Utens: Piet Dankert

06 Maaie 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Piet Dankert út Stiens. Hy wennet no yn Frankryk en is lid fan it Europeesk Parlemint.

Arsjitektuer en Co 1  De taal fan de arsjitekt

Arsjitektuer en Co 1 De taal fan de arsjitekt

06 Maaie 1990

Wannear is yts arsjitektuer? Dy fraach leit sintraal yn de earste útstjoering fan Arsjitektuer en Co. Om dêr in antwurd op te krijen gean we by ferskate gebouwen fan Fryslân del, mei ûnder oare: kânselarij yn Ljouwert, Frisian Shipyard yn Harns, tsjerke yn St. Anne en it stedhûs fan Boalsert.

Geert! S01E06: Parregea/Hieslum

Geert! S01E06: Parregea/Hieslum

22 April 2003

Geert vanTuinen is yn it doarpshûs fan Parregea. Hy praat mei Michel Burgers, dy't gewrichtsprotezes ymportearret en eksportearret en mei Gatze Labordus dy't alles fan roazen wit en der alles fan sammelet. Geert bringt ek in besite oan ielrikker Joop Ruardi en hy praat mei de hiele jonge diriginte Willy Krol. De live-muzyk komt fan de Frysktalige band Bombarje.