Gerrit Aalfs, filmer yn Fryslân

11 Maart 2001

Portret fan Gerrit Aalfs (1892-1970) dy't Fryslân op tal fan films fêstlei. Syn film oer de Suderseewurken, it oanlizzen fan de Ofslútdyk wie hiel suksesfol. Berne yn it Drintske Vries wenne en wurke Aalfs jierren út Harns wei. Op syn motor troch de provinsje lei er it boerelibben en de natuer fêst. Hy joech ek filmfoarstellingen en makke mei oaren de earste Fryske spylfilm 'Kar út twa' yn 1937. Ek filme er de besite fan keninginne Juliana oan Fryslân yn 1950 en de iepening fan it Ljouwerter fleanfjild. Op syn 59ste hâlde er op mei filmjen en gie mei syn Fryske frou werom nei Drinte. De dochter fan Aalfs fertelt oer har heit en syn wurkwize en ek kollega-sineast J.B. Singelsma en Anneke van Renssen fan it Fries Filmarchief komme oan it wurd.