Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RETOUR_LJOUWERT_BERLYN_DOUWE_HEERINGA

Retoer Ljouwert-Berlyn mei muzyk fan Douwe Heeringa

25 Desimber 1994

Programma mei lieten fan Douwe Heeringa dy't er ek sjongt, yn Ljouwert en Berlyn. Hy fertelt oer syn leafde foar de Dútske stêd en we sjogge de toeristyske hichtepunten mar ek de skaadkanten fan de stêd.

LTV_ROOMS_YN_FRYSLAN_3_010298_WR

Roomsk yn Fryslân: diel 3: Tsjerke yn krisis

01 Febrewaris 1998

Yn dit tredde diel fan de trijelûk giet it oer de krisis yn de roomske tsjerke, dy stie net mear yn ferbining mei de ûntwikkelingen yn de maatskippij. Pastoar Jan Romkes van der Wal fertelt oer dy ûntjouwingen. Yn Dronryp fuotballen roomske en net-roomske jonges mei-inoar, mar by it útgean waarden de net-roomsken net talitten yn it roomske gebou. Ek eardere ynterviewden út de oare twa dielen komme oan it wurd.

Spegels: Lytse priis fan Snits

Spegels: Lytse priis fan Snits

05 Juny 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering stiet de muzyk fan de Lytse priis fan Snits sintraal.