Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FISKJE_YN_TROEBEL_WETTER_20050522_WR

Fiskje yn troebel wetter

22 Maaie 2005

Dokumintêre oer it tebekrinnen fan de fiskstân fan iel en snoekbears. Yn 2005 wiene der yn Fryslân noch 20 binnenfiskers dy't op iel fisken. Fan de 90.000 sportfiskers fisken 4000 op snoekbears. De snoekbears- en ielstân is dêrtroch sterk achterút rûn. Streuperij wurdt as wichtichste oarsaak sjoen.

LTV_FERSET_EN_FERRIED

KP fan Seisbierrum: ferset en ferried

01 Maaie 1994

Fjouwer manlju, leden fan de Knokploech fan Seisbierrum, binne yn 1944 deasketten troch de Dútsers foar har belutsenheid by it ferset, ûnder oare de oerfal op it gemeentehûs fan Sint-Anne dêr't se it befolkingsregister weinaam ha. Neibesteanden fertelle oer de geheime skûlplakken yn û.o. de pleats by Liauckamastate en hoe't de Dútsers de mannen oppakke koenen nei't se tipt wienen troch ferrieder Frans Michon. De fjouwer mannen wienen Lolle Rondaan, Folkert Bergsma, Gerrit Schuil en Gerben Derisé Oswald.

LTV_De-Nije-Grand-Tour-2-v2_doku_WR

De nije Grand Tour, diel twa

22 Oktober 2004

Yn it heger ûnderwiis nimt de ynternasjonalisearring ta. We folgje in pear studinten fan de CHN (kristlike hegeskoalle) yn Ljouwert dy't in pear moannen staazje rinne yn Súd-Afrika. It binne de hotelskoallestudinten Joey Hehamahua, Gijs Tordoir, Peter Henriet en Tjitske Bouma en pabostudinte Inger van Til en SPH-studinte Alijanna Beijert.