Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Rondo Musica 7: Dirigint

Rondo Musica 7: Dirigint

08 Maaie 2001

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel sân giet it oer it wurk fan in dirigint. Theo Brouwer is dirigint fan it Frysk Jeugd Orkest en hy leit út dat er de muzyk lêst fan syn partituer. Tamara praat mei twa leden fan it orkest en sjocht by de fioelbouwer.

LINKK 06: Kampioen

LINKK 06: Kampioen

13 Maart 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer kampioenen. We sjogge by reedrider Sven Kramer, muzykgroep De Kast, in maneezje mei kampioenshynder History en fierljepper Rimmer Abma.

Van Tuinen Thús by Hessel

Van Tuinen Thús by Hessel

28 Augustus 2002

Van Tuinen giet op besite by sjonger en kafeebaas Hessel op Skylge. It petear giet oer de karrière fan Hessel en fansels sjocht Geert jûns by in optreden yn syn kafee De Groene Weide.