Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: It útstjoerburo

Wurktiid TV: It útstjoerburo

31 Maaie 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Dizze ôflevering is de earste fan in rige fan seis oer it útstjoerburo. We sjogge by útstjoerburo Start, wat it wurk fan bemiddeler G. Boersma ynhâldt. Ek sjogge we by Structural, it bedriuw hiert geregeld útstjoerkrêften yn. Direkteur R. Blom fertelt oer de foardielen dêrfan en de útstjoerkrêften W. Koning en J. Posset komme ek oan it wurd.

De chip haldt gjin skoft diel 4

De chip hâldt gjin skoft (diel 4)

10 Novimber 1988

'De chip hâldt gjin skoft' is in rige fan fjouwer útstjoerings oer automatisearring yn Fryslân. Yn de fjirde ôflevering kinne jo sjen nei de gefolgen fan automatisearring op de sûnens, privacy en wurk fan minsken.

Boppedat: orizjinaliteitskommisje

Boppedat: orizjinaliteitskommisje

30 July 1999

De Kommisje-Amels bewaakt de orizjinaliteit fan de wedstrydskûtsjes. Der moatte wer roefkes yn, dêr't eartiids de skipper en syn famylje yn wennen.