Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Van Tuinen Thús by Edwin Rutten en Annett Andriessen

Van Tuinen Thús by Edwin Rutten en Annett Andriessen

30 Juny 2004

Thús by Edwin Rutten en Annett Andriessen yn Aldebiltsyl, 'Ome Willem' en operasjongeres.

LTV_400_JIER_NEI_WILLEM_BARENTSZ

400 jier nei Willem Barentsz

06 Oktober 1996

Untdekkingsreizger Willem Barentsz fan Skylge ûndernaam yn 1596 syn wrâldferneamde ekspedysje en kaam fêst te sitten yn it iis op Nova Zembla. Syn bemanning oerwintere yn it selsboude Behouden Huys. Op Skylge is in stânbyld fan Barentsz ûntbleate en is in replika fan it hûs boud. Undersiker Louwrens Haquebord hat op Nova Zembla west foar ûndersyk.

WYTMARSUM_FR_WR2

Twa jonges fan Wytmarsum

24 Febrewaris 2002

Doekle Terpstra, foarsitter fan fakbûn CNV, en Hans de Boer, foarsitter fan MKB Nederland, kenne mekoar fan Wytmarsum. Se wiene buorjonges. No binne se werom, rinne troch it doarp en sjogge yn de tsjerke. Yn de kroech fertelle se oer har jeugd en wurk fan no. Persoanlik kinne se it goed fine, mar ynhâldlik ha se in oare opfetting oer de ynrjochting fan de maatskippij. Ek prate se oer de sjarme (en de foardielen) fan in doarp.