Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180712_SADWAANDE_OER_FRYSKE_BOEKEWIKE_23_02_2000.mp4

Sadwaande: Fryske boeken

23 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer Fryske boeken, nei oanlieding fan de start fan de Fryske Boekewike. Yn kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum besprekt Jan Pieter Janzen nij ferskynde Fryske titels. It Boekewikegeskink, Kuneara, is skreaun troch Akky van der Veer en se sit ek oan tafel. Fierder fertelt Joke Keizer oer de ynspiraasje fan har nijste boek, har beppes. En we sjogge by de Koperative Utjouwerij yn Boalsert. De Q wurdt sjoen as in 'lestige' klup dy't drege boeken útjout fan skriuwers lykas Trinus Riemersma.

Spegels: Toanielstik It Lot en simmerkampen

Spegels: Toanielstik It Lot en simmerkampen

24 April 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: Toanielstik "It Lot" fan Bonne Stienstra en de simmerkampen op Skylge.

ITLJOCHTOP_070696_WR

It Ljocht Op: Potma-Hettinga-Potma

07 Juny 1996

In portret út 1996 fan de Sniters silers Willem Nico Potma, Frank Hettinga en Gerhard Potma, dy't yn dat jier útkomme sille yn de soling-klasse op de Olympyske Spelen. Yn 1992 diene se yn de Flying Dutchman-klasse mei oan de Olympyske Spelen yn Barcelona.