Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_080502_LYTSEMUSEA

Sadwaande: Lytse musea

08 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer lytse musea. Fryslân hat tal fan lytse musea. Sûnt koart kinne se yn de beneaming komme foar in kwaliteitskarmerk. Oer wat de betingsten dêrfoar binne, hearre we fan museumkonsulint Mirjam Pragt. We sjogge ek by wat lytse musea: rock'n'rollmuseum yn Arum, it Damshûs yn Nij Beets en it Admiraliteitshûs yn Dokkum. Floris wol har museum ek oanmelde foar it karmerk.

ABD-sjoo 0406

ABD-sjoo 0406

22 Febrewaris 2005

Yn de sechsde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Paadwizer út Oentsjerk en de Ichtusskoalle út Gytsjerk it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by it Fries Scheepvaart Museum yn Snits dêr't Anke Roorda wat oer in boeier fertelt, de mollefanger fan Hallum en yn it Fersetsmuseum. Te gast is Mariska de Boer mei in stoof. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Wurktiid TV: Berne-opfang en wenje op maat foar âlderein

Wurktiid TV: Berne-opfang en wenje op maat foar âlderein

28 Desimber 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer berne-opfang Ikke Pikke Porretje yn it sintrum fan Ljouwert. De opfang kostet 5 gûne yn it oere, âlden kinne dan winkelje. Inisjatyfnimster Simone van Beek fertelt deroer.

En der is in ôflevering oer wenje yn Fryslân: soarch op maat. P.E.M. Theelen, yndikaasjedokter, G. Hansma, soarchbemiddeler, S. Kuiper fan thússoarch de Friese Wouden en J.K. Bruins, húsdokter fertelle wat se dogge om âlde minsken sa lang mooglik thús wenje te litten.