Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Vive la Frise 4

Vive la Frise 4

22 Augustus 2002

Op syk nei Friezen yn de Ardêche yn Súd-Frankryk: de Ludo-camping yn Lussas.

De Nije Skoalle 4: LBO en MBO

De Nije Skoalle 4: LBO en MBO

28 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De fjirde útstjoering giet oer it LBO en MBO. As de bern in kar makke hawwe foar de MAVO, dan kinne se dêrnei trochgean op it leger of middelber beropsûnderwiis. Ferskate rektoaren, leararen en oare saakkundigen fertelle oer dizze opliedings.

Wurktiid TV: Produksjemeiwurker

Wurktiid TV: Produksjemeiwurker

04 Desimber 1996

Yn dizze Wurktiid TV twa banen fan de wike: produksjemeiwurker by in fabryk foar feefretten yn Sleat en in lasker by in jachtwerf yn Warten. We sjogge by Cyell, it bedriuw dat badpakken makket, om't se de starterskompetysje fan de Keamer fan Keaphannel wûn ha. Gea Doddema presintearret dizze ôflevering, se siket wurk yn de administrative sektor. En de kursus fan arbeidsburo RBA om minsken op te lieden ta miljeutechnolooch docht fertuten.