Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Rieme-Jan Tjittes

Om Utens: Rieme-Jan Tjittes

12 Novimber 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Rieme-Jan Tjittes út Wergea. De jurist en professor wurket en wennet yn Amsterdam.

Tûkelteammen 0104

Tûkelteammen 0104

22 Oktober 2002

De dielnimmers oan dizze taalkwis binne yn team 1: skriuwer Hylke Speerstra en Martsje Stelwagen; team 2: skûtsjeskipper Lodewijk Meeter en Klaske Visser-v.d. Baan.

No Wy: it FYK yn Italië

No Wy: it FYK yn Italië

26 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering litte Doutsen Dijkstra en Ydwine Willemsma fan it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt) har útwikselingsreis nei de Sloveenske minderheid yn Italë sjen. De Fryske jongeren wurde dêr bypraat oer de taal en kultuer, it ûnderwiis, de media en de ekonomyske posysje fan de Slovenen yn Italië en fertelle ek oer de Fryske sitewaasje. Mar fansels ha se benammen in soad wille mei elkoar.