Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 1

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 1

01 Febrewaris 2002

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel ien fan in searje oer wurk. Jildou de Vries ûndersiket hoe't it wurk ferdield is yn de provinsje. Yn Ljouwert wurkje in hiel soad minsken op in lytse romte, wylst de lânbou in soad grûn ynnimt, mar yn dy sektor wurkje wol minder minsken. Se leit út dat der trije ferskillende sektoaren binne: lânbou, yndustry en tsjinstferliening. Se praat mei Skelte Brouwers fan de provinsje.

Spegels: The Making of Kening Lear

Spegels: The Making of Kening Lear

22 Maaie 2003

Fan desimber 2000 oant in wike foar de premjêre folge Omrop Fryslân de ûntwikkelingen om it teaterspektakel Ik, Kening Lear hinne. Fan de earste besprekkings en repetysjes ôf yn it Tryatergebou oant de úteinlike earste foarstelling yn it hynstesintrum yn Drachten. Yn dizze making-of, makke troch Fred Geerling, wurdt sjen litten hoe't artistyk lieder Jos Thie syn eigen ôfskiedsfoarstelling foarmjout.

PM-TV krysttiid

PM-TV krysttiid

23 Desimber 1999

PM-TV hie foar de krysttiid fan 1999 in spesjale krystútstjoering. Yn dizze útstjoering praat Geert van Tuinen mei Jan de Vries oer syn samling fan kryststâlen, sjocht er hoe it mei ‘It Bankstel’ Coby en Willem giet, fertelle Doet de Vries en Rommie Bouma bysûndere ferhalen by harren krystfersiersels en fertelt tekstskriuwer Jurjen van der Meer oer syn krystliet “It Fers foar de Frede”.