Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSLAN_LYTS_FOLLYBALLER_JAN_POSTHUMA_WEROMROP

Fryslân is te lyts 2: de follyballer

01 Desimber 1991

In portret fan de Fryske follyballers Jan Posthuma (fan Dokkum) en Ronald Zoodsma (fan Snits) yn it noarden fan Italië. Dêr spylje se by Gambeca. Follybal is in hiele populêre sport en beide mannen kinne dêr fan har sport libje. We sjogge in wedstriid, by har thús, by de trening en de fysio. It is in hurde wrâld. Olaf van der Meulen, ek fan Snits, moast nei in pear moannen werom nei't er him mei maachklachten net folslein jaan koe.

De Nije Moanne: De grutte skaal

De Nije Moanne: De grutte skaal

02 Desimber 1990

It giet oer skaalfergrutting, dat komt hieltyd mear foar: by bedriuwen, postkantoaren en suvelbedriuwen. Yn Aldskoat sit in postkantoar yn de supermerk, mar dy moat ticht want de PTT wol gruttere kantoaren iepenje mei mear service. Pleatslik Belang en de ynwenners binne der op tsjin. Yn de suvel is ek in grutte fúzje tusken de CCF en Frico Domo. Fan twa bedriuwen ien meitsje falt net ta. En yn it basisûnderwiis binne ek plannen foar skaalfergrutting. As in skoalle minstens 250 learlingen ha moatte soe, bliuwe der mar 13 skoallen oer yn Fryslân.

LTV_MARNIX_GOOSSENS_FR_060403_WR

De keunst fan it sjen - fotograaf Marnix Goossens

30 Maart 2003

Portret fan de yn Ljouwert berne fotograaf Marnix Goossens. We sjogge him oan it wurk as er yn it lânskip in foto meitsje wol fan in stobbewylch. Hy makket realistysk wurk mei in surrealistysk trekje. Hy fertelt oer syn wurk en leafhawwers dogge dat ek, ûnder oare in keaper, galeryhâlder en de konservator fan it fotomuseum yn Den Haag.