Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Seis_Gymnasium_1

6 Gymnasium diel 1

07 Juny 2005

Yn dit programma wurdt in tal eineksamenkandidaten fan it Ljouwerter gymnasium folge. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Wietske van de Weg, in boeredochter fan it Bilt. Se is in briljante learling mar hat lêst fan in swiere harsenskodding en kin mar in pear oerkes deis wat dwaan. Ek wurdt der repeteard foar de haadfuif.

Baas Boppe Baas 0107: Kening op sokken

Baas Boppe Baas 0107: Kening op sokken

01 Jannewaris 2001

Joukje en Talieta Baas binne oan it eksperimintearjen mei spesjaal ynstraald wetter. Beant Baas is troch de rêch gien. Miskien soe it wetter him helpe...

Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

Fryslân Dwerstroch 0206: Troch de Stellingwerven

26 Maaie 1998

Fryslân Dwerstroch is in programma fan skoaltelefyzje. Karin de Jong rint dwerstroch de provinsje. Yn diel seis fan de twadde searje is se yn de Stellingwerven. Se is by de rivier de Tsjonger, dy't tsjinnet as skieding tusken Fryslân en de Stellingwerven. De rivier is kanalisearje, rjocht makke, en der binne slûzen om't der ferfal yn it ferrin sit. Se sjocht yn Wolvegea dêr't in ferhaal oer Peter Stuyvesant yn it Stellingwerfsk ferteld wurdt, yn Aldeberkeap fertelt se oer de Geitefok.