Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180719_SADWAANDE_OER_IT_UNTHALD_03_01_2001.mp4

Sadwaande: Unthâld

03 Jannewaris 2001

Dizze Sadwaande giet oer it ûnthâld. We sjogge dat bern goed binne yn ûnthâldspultsjes, leare oer it ûnthâld fan in neuropsycholooch en sjogge yn de Ielannen yn Snits dêr't deminte minsken wenje. En we prate mei histoarikus Johan Frieswyk dy't ûndersyk dien hat nei de oarloch. Hy fernaam dat guon minsken dat ferjitten binne of de saken ferdraaie. Prinses op learzens ferjit ek wat.

Geert! S01E05: Teridzert

Geert! S01E05: Teridzert

16 April 2003

Geert van Tuinen is yn it doarpshûs fan Teridzert. Hy praat mei Luutzen van der Weij oer iba, individueel behandelen van afval. Hy praat ek mei Trix Meijners en Suze Sanders oer de kwis dy't se al 16 jier organisearje. Fierder sjocht Geert by Ype Duursma dy't in soad âld ark yn de skuorre bewarret. De live-muzyk komt fan de band Bakertrain Bluesband.

LTV_GERRIT_TERPSTRA_FR_060501_WR

Wat kaam, wie en fergie: Byldzjend keunstner Gerrit Terpstra

06 Maaie 2001

Portret fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra. We sjogge yn syn atelier yn Heech dêr't er fertelt oer syn fassinaasjes, ynspiraasje, deiwurkboeken en wurk. Syn freonskip mei byldzjend keunstner Gerrit de Wilde (wurket yn Makkum) komt te praat en De Wilde fertelt er wat him oansprekt yn it wurk. Mei skriuwer Eppie Dam wurke Terpstra ek gear, Dam fertelt deroer. En we sjogge Terpstra dwaande mei in tentoanstelling yn it tsjerkje fan Ginnum.