Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Wurk foar finzenen yn De Marwei

Wurktiid TV: Wurk foar finzenen yn De Marwei

12 Oktober 1994

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer finzenen yn De Marwei yn Ljouwert dy't mei kursussen en opliedingen taret wurde op de maatskippij. P. van Houten, koördinator Sosjaal Kultureel Wurk De Marwei, en finzenen Mr. Spring en Jimbo fertelle deroer.

Sadwaande_oer_offal_20_10_1999

Sadwaande: Offal

20 Oktober 1999

Dizze Sadwaande giet oer ôffal. We sjogge dat de heffingen foar ôffal ferskille per gemeente en prate dêr mei twa wethâlders oer. We sjogge by it wurk fan de 'snuffelaar' dy't de kliko's kontrolearret op it skieden fan ôffal. Yn Weststellingwerf skiede se neffens diftar. Prinses op learzens bringt it ôffal oer de gemeentegrins, dat is goedkeaper.

De Nije Skoalle 3: MAVO, HAVO, Atheneum

De Nije Skoalle 3: MAVO, HAVO, Atheneum

14 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De tredde útstjoering giet oer de MAVO, HAVO en Atheneum. Nei de brêgeklassen of middenskoalle moatte de bern in kar meitsje foar de MAVO, HAVO of it Atheneum. Wat dizze opliedingen krekt ynhâlde wurdt útlein troch in tal fan saakkundigen op dit gebiet.