Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Sweden

Wyn op Woansdei: Sweden

19 Oktober 2005

Programmamakker Douwe Boersma folget de emigraasje fan de famylje Golverdingen fan Wâlterswâld nei Fastnäs yn Sweden. Dêr sille se in camping begjinne. Wilbert en Brenda Golverdingen wurkje by it famyljebedriuw, de rydskoalle. Mei har trije jonge bern litte se alles achter. We folgje se yn har deistich libben, by de Sweedske les, prate mei famyljeleden oer de emigraasje en binne by it ôfskied. Yn Sweden sjogge we by de opbou fan de camping op it eardere fuotbalfjild.

180301_C48.mp4

LTV: Wat in wurk: De limnologen

22 Oktober 1989

In limnolooch ûndersiket swiet wetter. Yn 1906 is foar it earst ûndersyk dien nei it wetter fan de Tsjûkemar. De mar is noch altyd in belangryk stúdzje-objekt. Troch meunsters te nimmen dogge se ûndersyk nei algen en fisken. Rivieren, puollen en marren wurde bedrige troch fersmoarging. Yn it laboratoarium wurde de meunsters neier ûndersocht.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 4

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 4

05 Novimber 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de spannende wedstriid om it kampioenskip. Easterlittens stiet twad en hat in útwedstriid tsjin koprinner Zeerobben út Harns. De jonges spylje fanatyk en ek de âlden oan de kant libje bot mei. Wurde se kampioen of net?