Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0209 Frysk taaleksamen

ABD-sjoo 0209 Frysk taaleksamen

20 Maaie 2003

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Dizze kear it Frysk Taaleksamen mei de Arke út Burgum en De Frissel út Feanwâlden.

LTV_ADOPSJEBERN_WR

De earste generaasje adopsjebern

08 Desimber 1996

We sjogge by fjouwer folwoeksenen dy't as jong bern adoptearre binne en nei Fryslân helle binne. Spilet adopsje in rol yn har libben? Wolle se sykje nei har biologyske âlden of nei it lân fan komôf ta? Wat witte se noch fan har eigen lân en ha se ferlet fan kontakten mei oare adopsjebern? We sjogge by de libbens fan Shanko van der Meer (23) út Yndia, Helen Zandt (27) út Súd-Koreä, Mary Francis van der Hoek (28) út Yndia en Theodoor van der Laan (26) út Súd-Koreä.

Brekking: mei in aaisiker op paad

Brekking: mei in aaisiker op paad

25 Maart 2003

Aaisiker Hyltsje Brink siket aaien ûnder suver subtropyske omstannichheden. It liket miskien moai waar om ljipaaien te sykjen, mar de echte kenners witte dat troch de droechte de ljippen minder aaien lizze.