Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0108

ABD-sjoo 0108

14 Maaie 2002

Yn de achtste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme tal fan basisskoallen it tsjin inoar op yn dizze ôflevering mei fragen oer de Fryske taal. De skoallen dy't meidogge, binne: It Fûnemint út Wommels, De Skoalfinne út Warns, De Frissel út Feanwâlden, De Arke út Burgum, It Twaspan út Terkaple, Master Frankeskoalle út Earnewâld, It Klimmerbled út Sint-Nyk, De Foareker út Easterein, Trije Doarpen Skoalle út Reduzum, De Rank út Deinum, De Martenaskoalle út Bitgummole.
Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

It Fryslân fan Jos de Putter: Yn it foarbygean

08 Novimber 1998

Fiif filmmakkers binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek 'Hoe God verdween uit Jorwert' fan Geert Mak. Yn dizze film fan Jos de Putter komme fjouwer Fryske dichters oan it wurd dy't it lânskip as tema hawwe. Douwe Tamminga is yn Raerd dêr't eartiids Jongema State stie, Baukje Wytsma fertelt oer har doarp Reduzum, Wilco Berga fart op it wetter by de Snitser Mar en Albertina Soepboer rint op Skiermûntseach. Elke dichter fertelt oer it lânskip en lêst ta beslút foar út eigen wurk.

Slachtemaratonsjoernaal

Slachtemaratonsjoernaal

10 Juny 2004

Yn it programma sjogge Simone Scheffer en Gerrit Hofstra by de finish yn Easterbierrum. Se prate mei dielnimmers en sjogge by de EHBO-post. Fierder reportaazjes fan de hiele dei mei kultuer ûnderweis, dûns, muzyk en Funny Walks, opstapplak Ljouwert dy't kuierders mei de bus nei Raerd brocht. Jelle Bangma fan de organisaasje die de oprop om net mear nei de finish te kommen om't it busferkear hielendal fêstrûn. De maraton waard, lykas fjouwer jier lyn, wûn troch Gerrit Kramer en Maaike Hornstra.