Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: ISK, OSG Singelland

No Wy: ISK, OSG Singelland

04 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze earste ôflevering binne dat learlingen fan de tredde klasse fan OSG Singelland yn Drachten. Se sitte yn in ynternasjonale skeakelklasse (ISK). It wie har eigen idee om har libben te filmjen en te fertellen oer wêr't se weikomme en wat se meimeitsje. Faak is it swier om't se net witte oft se yn Nederlân bliuwe meie. Gaylord, Najad en Mohamed prate mei learlingen en leararen. Ek ha se in filmke makke oer de konsjerzje en bylden draaid op it asylsikerssintrum yn Drachten.

LTV_JOS_THIE_FR_250503_WR

It ryk fan Jos Thie

25 Maaie 2003

We sjogge by de tariedingen en repetysjes fan Kening Lear, in stik dat Tryater opfiert yn it Fries Paarden Centrum. Artistyk lieder en regisseur fertelt oer it stik fan Shakespeare. We sjogge by it ûntwerpen fan de kostúms en it dekôr. Yn it stik dogge ek Fryske hynders mei. We sjogge fierder by in lêsrepetysje, by de repetysje fan amateurspilers en it casten fan in bern foar de produksje.

LTV_MARNIX_GOOSSENS_FR_060403_WR

De keunst fan it sjen - fotograaf Marnix Goossens

30 Maart 2003

Portret fan de yn Ljouwert berne fotograaf Marnix Goossens. We sjogge him oan it wurk as er yn it lânskip in foto meitsje wol fan in stobbewylch. Hy makket realistysk wurk mei in surrealistysk trekje. Hy fertelt oer syn wurk en leafhawwers dogge dat ek, ûnder oare in keaper, galeryhâlder en de konservator fan it fotomuseum yn Den Haag.