Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_EMIGRANTEN_1

Emigranten: Tusken Kanada en Fryslân

04 Septimber 1994

We sjogge yn dit programma by Friezen yn Kanada. Alle jierren treffe sa'n 3.000 Friezen inoar sûnt 1968 yn Ontario op de Friezendei. Se sjonge Fryske lieten, keatse en kinne Frysk guod keapje. Oprjochter en foarsitter is Luut Miedema, oarspronklik fan Bûtenpost, no hat er in grut slachtersbedriuw. We folgje him, ek as er werom is yn it heitelân en dêr âld-Ynjegongers treft en by Teake van der Meer delgiet om te freegjen oft er op toernee troch Kanada wol. Ek mei argyfbylden fan it Polygoonsjoernaal oer emigraasje en de Holland-Amerikalijn.

ABD-sjoo 0103

ABD-sjoo 0103

13 Novimber 2001

Yn de tredde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen de Trije Doarpen Skoalle út Reduzum en It Pertoer út Weidum it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is beroppen. We sjogge by in fisker, skipper Lammert Zwaga, in F-16 piloat, in dûker en in plysje. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Om Utens: Peter Tuinman

Om Utens: Peter Tuinman

14 Maaie 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Peter Tuinman út Twizel. Hy ferhuze yn 1974 nei Rotterdam om beropsakteur te wurden.