Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_SKRIUWERS_HFEAN_WR

Skriuwers oer SC Heerenveen

17 Juny 2001

Mar leafst trije boeken ferskynden der yn 2001 oer fuotbalclub SC Heerenveen. Eppie Dam makke in libbensportret fan trainer Foppe de Haan. Wio Joustra en Yme Kuiper beskreaunen yn harren boek it sukses fan it moderne Hearrenfean, yn it ljocht fan de rike fuotbaltradysje út de Abe-jierren. En skriuwer Kees 't Hart rûn in jier mei de club mei. Syn ympresje ferskynde as in spesjaal nûmer fan it fuotbaltiidskrift Hard Gras. Yn dit programma wurde de skriuwers folge en hearre we hoe't sy tsjin de club en de trainer oansjogge.

Under Fjoer 0101

Under Fjoer 0101

12 Maart 2003

Yn de earste twa ôfleverings fan Under Fjoer moatte de kandidaten workshops folgje en debatten hâlde. Dêrnei wurde der seis jongeren selekteard.

LTV_FERSET_EN_FERRIED

KP fan Seisbierrum: ferset en ferried

01 Maaie 1994

Fjouwer manlju, leden fan de Knokploech fan Seisbierrum, binne yn 1944 deasketten troch de Dútsers foar har belutsenheid by it ferset, ûnder oare de oerfal op it gemeentehûs fan Sint-Anne dêr't se it befolkingsregister weinaam ha. Neibesteanden fertelle oer de geheime skûlplakken yn û.o. de pleats by Liauckamastate en hoe't de Dútsers de mannen oppakke koenen nei't se tipt wienen troch ferrieder Frans Michon. De fjouwer mannen wienen Lolle Rondaan, Folkert Bergsma, Gerrit Schuil en Gerben Derisé Oswald.