Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WILLE_EN_PRETINSJES_2

Amateurtoaniel: Wille en pretinsjes (diel 2)

10 April 1994

We sjogge by it amateurtoaniel yn Fryslân. By it Boun Fryske Toanielselskippen binne sa'n 130 ferieningen oansletten. Faak wurdt in luchtich, humoristysk stik spile, mar it bûn is ek dwaande om de kwaliteit te ferheegjen en mear djipgong te krijen. We hearre regisseur Pyt van der Zee hjiroer, dramaturch Bouke Oldenhof, toanieladviseur en oprjochter fan de Jeugdteäterskoalle Hilde Mulder en BFT-foarsitter Geeske Frieswyk. Selskip Tesselschade út Hurdegaryp makket faak eigensinnige produksjes.

Wurktiid TV: Kapsalon Aphrodite yn Wolvegea

Wurktiid TV: Kapsalon Aphrodite yn Wolvegea

19 Maart 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer twa froulju dy't in fallite kapsalon yn Wolvegea oernommen ha en no eigen baas binne. De oprop foar wurk komt fan bedriuw de IJzeren Man op De Jouwer dêr't se dak- en gevelbedekking meitsje. Op it arbeidsburo op De Jouwer docht ien in oprop foar wurk en bêste kollega is Bram Molenaar, hy wurket by sosjale wurkpleats Woudengroep op It Hearrenfean. En we sjogge koart even by de Bedrijvencontactdagen dêr't netwurkje belangryk is.

Sjoch mar: Alvestêdeskeelertocht

Sjoch mar: Alvestêdeskeelertocht

08 Septimber 1997

Sjoch mar folget de 242 dielnimmers fan de Alvestêdeskeelertocht. Se skeelerje 200 kilometers troch Fryslân. En der dogge ek wat toppers mei, sa as Jeen van der Berg.