Amateurtoaniel: Wille en pretinsjes (diel 2)

10 April 1994

We sjogge by it amateurtoaniel yn Fryslân. By it Boun Fryske Toanielselskippen binne sa'n 130 ferieningen oansletten. Faak wurdt in luchtich, humoristysk stik spile, mar it bûn is ek dwaande om de kwaliteit te ferheegjen en mear djipgong te krijen. We hearre regisseur Pyt van der Zee hjiroer, dramaturch Bouke Oldenhof, toanieladviseur en oprjochter fan de Jeugdteäterskoalle Hilde Mulder en BFT-foarsitter Geeske Frieswyk. Selskip Tesselschade út Hurdegaryp makket faak eigensinnige produksjes. It BFT hat de kriich yn it libben roppen, karmasters beoardielje de útfieringen en selskippen kinne promovearje of degradearje.