Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Brekking 2 maart 2005

Brekking 2 maart 2005

02 Maart 2005

Yn dizze Brekking giet it oer de snie fan 2 maart 2005. Hoe kaam de thússoarch by de klanten? Hoe fergie it Rykswettersteat by it snieromjen? En wat hat waarman Piet Paulusma te sizzen oer de útsûnderlike sniefal?

Skriuwers yn byld: Douwe Tamminga

Skriuwers yn byld: Douwe Tamminga

14 Maaie 1987

Ynterview mei de Fryske skriuwer, dichter en oersetter Douwe Tamminga (1909-2002). We sjogge by syn eardere hûs yn Kiestersyl dêr't er as 12-jierrige kaam te wenjen. Yn syn bungalow yn Ysbrechtum fertelt er oer syn libben en wurk. Hy learde foar ûnderwizer en wie learaar Frysk en Nederlânsk, mar waard letter wurdboekskriuwer by de Fryske Akademy, hy wurke tolve jier oan de letter B. Hy skreau ek in soad oer de Fryske taal.

SADWAANDE_051201_TWILLINGEN

Sadwaande: Twillingen

05 Desimber 2001

Dizze Sadwaande giet oer twillingen. We prate mei trije twillingen fan trije generaasjes. Jan en Auke Smid ha itselde berop, Akke en Sjoerdsje Venema binne hast altyd by elkoar en Jacob en Pieter Miedema sille no foar it earst net nei deselde skoalle ta. Se fertelle oer de foar- en neidielen. Floris is fansels ek in twilling.